DONDERDAG 16 FEBRUARI 2012
Fryslân hat der in Europeesk kampioen by: Rinze Louwsma (ald-Arumer, soan fan Luitzen Louwsma) fan Achlum. Louwsma is útroppen ta bêste DAF-truckmonteur fan Europa. Louwsma wurket by Cosmo trucks yn Boalsert. De wedstriid waard hâlden yn it DAF-fabryk yn Eindhoven dêr't hy it opnimme moast tsjin monteurs út Ingelân, Frankryk, Italië, Dútslân en Poalen. Sjoch filmke Omrop Fryslan
Louwsma sleutelet al 14 jier oan frachtweinen. Ferline jier waard er útroppen ta de bêste fan Nederlân. De priis bestiet út in reis nei in tropyske bestimming mei syn húshâlding.
(bron Omrop Fryslan)