ZATERDAG 23 FEBRUARI 2013
De foarferkeap fan de Liuwekening is wer west. Sneon 2 maart is kompleet útferkocht! Foar freed 1 maart 20:00 oere en foar sneintemiddei 3 maart om 15:00 binne der noch kaarten. De sneintemiddei is ek ideaal om mei it hiele gesin komme te sjen. Kaarten te bestellen fia fryskselskiparum@hotmail.com. Kaarten binne foar oanfang fan de foarstelling te foldwaan by it bestjoer yn it kafee.
Leden dy’t de foarferkeap glêd ferjitten binne – ja dy binne der echt – kinne noch foar ledepriis oan dizze kaarten komme. (€8,-) Foar net-leden kostje ze (€11,-)