DONDERDAG 14 OKTOBER 2004
Ofrne tiisdei hat it Frysk Selkip har ledegearkomste hlden. In pear dingen t 'e gearkomste:
It stik wat spile wurde sil hjit: "Swalker t New York". It hat in soad wurk west in regisseur te finen, teinlik is Wouter Jans ree fn dit te dwaan. Wouter studearret oan de Noordelijke Hogeschool yn Ljouwert en dit regissearjen yn Arum is foar him in stage. Ut en troch sil der ek in dosint komme om syn foarderingen te besjen.
Libbe Greydanus en Doekle Abma binne wer op 'e nij ynhierd as bestjoerslid. Nije spilers binne Jetty Zijlstra, Wiesje Akkkerman, Hessel Hylkema en Klaas Tolsma. Klaas is "eigen kweek" t it jongereintoaniel.
Der is noch stil stien by it fersterren fan leden. Fierders is der in legaat kommen fan de famylje Hiemstra t Wytmarsum. Ald Arumer Ulbe Hiemstra hat jierren foarsitter fan it Selskip west, by it ferlitten fan Arum en it Selskip is hy ta earelid beneamd. Yn harren tistamint hawwe Hiemstra en de frou it "Frysk Selkip" betocht.