MAANDAG 30 SEPTEMBER 2013
It Yndonesyske en Taiske restaurant Tandjong Priok yn Arum is bekroand mei it Euro-toques sertifikaat. Dat betsjut dat de keuken ambachtlik is en farske en seizoensbûne produkten brûkt út de eigen streek. De sertifisearring fan it restaurant is opmerkelik, omdat it in Asiatyske keuken fiert.
Neffens Sicco Gerlsma, de eigener fan Tandjong Priok, is yn Fryslân folle mear te krijen as in soad minsken witte. Sa hellet hy ûnder oare wetterbuffelfleis, geitefleis, fisk en in soad farske griente út de eigen streek.
(bron Omrop Fryslan)
Luister ook het interview met Sicco Gerlsma via: www.omropfryslan.nl/nijs/euro-toques-foar-arumer-ythus