VRIJDAG 6 MAART 2009
Op sneon 14 maart jout de Kr. Muzykferiening Wubbenus Jacobs in donateurskonsert yn de Grifformearde Tsjerke yn Arum. It korps stiet ûnder lieding fan Sietske Fritsma út Tsjerkwert. Ek sil it jeugdkorps Melomania har meiwurking ferliene. It jeugdkorps bestiet út jeugdleden fan de muzykferienings “Nij Libben” út Wytmarsum, “Asaf” út Lollum,”Oranje” út Spannum en “Wubbenus Jacobs” en stiet ûnder lieding fan Katherina Santema. Fierders stiet der in optreden fan learlingen fan Wubbenus Jacobs op it programma.
Wy sette om 20.00 oere útein: De tagong is fergees.
Gean foar it programma nei: www.wubbenusjacobs.nl/programma.html