DONDERDAG 12 MEI 2005
Nei it ferstjerren fan us KKA-lid Marijke, besiket de Kulturele Kommisje Arum de tried wer op te pakken. It is wol in rare gewaerwurding om te fergaderjen snder Marijke en dat sil earst ek wol nuver bliuwe.
De optocht:
De KKA hat beslten dat we de optocht mei de merke troch gean litte.
De optocht sil op freedtejn (29 juli) en sneon te middeis (30 juli) plakfine.
Hjirby roppe we dan ek alle buerten op om in moaie wein te meitsjen of rinners yn e optocht meirinne te litten yn t tema: De frije hn yn t Arumer ln.
Jim meie dus hielendal sels witte wat jim op e karre utbielde wolle. Dus lit jim kreativiteit gean en meitsje dr wat moais fan!!
We hoopje dat alle buerten yn elts gefal in wein o.i.d. meitsje, mar ek in groep freonen, skoallen, sportferienings of individuen kin meidwaan.
Noch in kear de buertyndieling:
- Van Camminghaweg, Julianastraat, Hockaart, Zilverstreek, Boltapad
- Schoolsingel,Kerksingel, Molenrak, Kruswetter, 1e deel Dobbe (t/m Dirk Sieswerda en Gearte Tolsma)
- Sytzamaweg, Schoolstraat, Sportlaan, Willem Westrastraat, en Monnikenweg
- Kaatsplein, Oude Kerkstraat en Franekerkade
- Koekoeksln en String
- Plle, Dobbe (2e deel) en Ald Hof
- Grauwe Kat, Allengaweg, Baarderbuorren en Bayumerleane
De spultsjes (volksspelen) op sneon 30 juli 2005
Sneonte moarns binne dr berne spultsjes foar de bern fan 4 o/m 12 jier.
Middeis nei de optocht binne dr noch twa spultsjes foar eltsenien fanf 13 jier, dert jim jim fan tevoren foar opjaan kinne.
Wat foar spultsjes dit binne, hearre jim tsjin die tiid wol. We sille t net te dreech meitsje!
Finansiele stipe
Yn de wike fan 4 o/m 9 juli 2005 komt de K.K.A. wer by de doarren lns om jim stipe op te heljen foar de aktiviteiten fan de K.K.A.
Yn e hjerst stiet dr noch in puzzeltocht op t programma. Mar droer hearre jim nei de merke wol mear.
No binne jim wer wat ope hichte fan s aktiviteiten. Wy winskje jim in soad noch en wille mei alle tariedings foar de merke 2005 en we hoopje op in moaie optocht. Hawwe jim noch fragen, skilje dan mei ien fan e KKA.
De K.K.A.:
Doekele Abma, Bonne Dijkstra, Hessel Hijlkema,
Janny Nugteren, Ellie Tjerkstra en Geartsje Visser