Arum Friesland

Frysk Selskip: webside en foarferkeap

ZATERDAG 21 JANUARI 2012

De webside fan it Frysk Selskip Arum is klear. Nijskjirriche saken oer (de tariedings op) it nije stik “Hotel de Botel” stean der al op. Tink oan foto’s en film oer de tariedings en repetysjes.
Mear saken folgje. Sjoch: www.fryskselskiparum.nl foar mear ynformaasje

Yn de lêste Skille binne in pear flaters slûpt dy’t wij noch even rjochtsette wolle.
De foarferkeap sil wêze op sneon 4 febrewaris.
Fanôf 10:00 oere foar leden (€ 8,-) en tusken 11:30-12:00 oere ek foar net-leden (€ 11,-)
En Nathalie út it stik hjit yn ’t echt fansels Gretha Waterlander.

In oankundiging wurd meikoarten noch yn ’t doarp rûnbrocht, dus hâld ek de brievebus yn `e gaten.
De generale repetysje foar de bêrn en jeugd oant `e mei 15 jier sil tongersdei 9 febrewaris wêze.

Graach allegear oant sjen yn é boppeseal!

Ut namme fan it bestjoer, Wilco Miedema

P.S.: “Herberg de Gekroonde Leeuw” hat in speciaal teatermenu. Sjoch www.degekroondeleeuw.nl


 

6579 keer bekeken | 1 reactie | Reageren?
 

Reacties

Henderina

zaterdag 21 januari 2012 om 22:34 uur

Geweldich in eigen webside.
It wurdt wer in prachtich dekor sjoch ik.
SUCCES ALLEGEARRE!!

groetnis Henderina

Reageer ook

Naam *
E-mail
Reactie *
 
Code *
Vul bovenstaande code in om het bericht toe te voegen.
 

Terug naar boven



Links



Yn omkriten