Arum Friesland

Nijs fan de Kulturele Kommisje Arum

DONDERDAG 12 MEI 2005

Nei it ferstjerren fan us KKA-lid Marijke, besiket de Kulturele Kommisje Arum de tried wer op te pakken. It is wol in rare gewaerwurding om te fergaderjen sûnder Marijke en dat sil earst ek wol nuver bliuwe.

De optocht:

De KKA hat beslúten dat we de optocht mei de merke troch gean litte.

De optocht sil op freedtejûn (29 juli) en sneon te middeis (30 juli) plakfine.

Hjirby roppe we dan ek alle buerten op om in moaie wein te meitsjen of rinners yn ‘e optocht meirinne te litten yn ’t “tema”: “De frije hân yn ’t Arumer lân”.

Jim meie dus hielendal sels witte wat jim op ‘e karre utbielde wolle. Dus lit jim kreativiteit gean en meitsje d’r wat moais fan!!

We hoopje dat alle buerten yn elts gefal in wein o.i.d. meitsje, mar ek in groep freonen, skoallen, sportferienings of individuen kin meidwaan.

Noch in kear de buertyndieling:

  1. Van Camminghaweg, Julianastraat, Hockaart, Zilverstreek, Boltapad
  2. Schoolsingel,Kerksingel, Molenrak, Kruswetter, 1e deel Dobbe (t/m Dirk Sieswerda en Gearte Tolsma)
  3. Sytzamaweg, Schoolstraat, Sportlaan, Willem Westrastraat, en Monnikenweg
  4. Kaatsplein, Oude Kerkstraat en Franekerkade
  5. Koekoekslân en String
  6. Pôlle, Dobbe (2e deel) en Ald Hof
  7. Grauwe Kat, Allengaweg, Baarderbuorren en Bayumerleane

De spultsjes (volksspelen) op sneon 30 juli 2005

Sneonte moarns binne d’r berne spultsjes foar de bern fan 4 o/m 12 jier.

Middeis nei de optocht binne d’r noch twa spultsjes foar eltsenien fanôf 13 jier, der’t jim jim fan tevoren foar opjaan kinne.

Wat foar spultsjes dit binne, hearre jim tsjin die tiid wol. We sille ’t net te ‘dreech’ meitsje!

Finansiele stipe

Yn de wike fan  4 o/m  9 juli 2005 komt de K.K.A. wer by de doarren lâns om jim stipe op te heljen foar de aktiviteiten fan de K.K.A.

Yn ‘e hjerst stiet d’r noch in puzzeltocht op ’t programma. Mar dêroer hearre jim nei de merke wol mear.

No binne jim wer wat op’e hichte fan ús aktiviteiten. Wy winskje jim in soad noch en wille mei alle tariedings foar de merke 2005 en we hoopje op in moaie optocht. Hawwe jim noch fragen, skilje dan mei ien fan ‘e KKA.

De K.K.A.:
Doekele Abma, Bonne Dijkstra, Hessel Hijlkema,
Janny Nugteren, Ellie Tjerkstra en Geartsje Visser 

6621 keer bekeken | 1 reactie | Reageren?
 

Reacties

Nandisa

donderdag 28 juli 2022 om 20:45 uur

Generic Viagra Uk Europe cialis tadalafil

Reageer ook

Naam *
E-mail
Reactie *
 
Code *
Vul bovenstaande code in om het bericht toe te voegen.
 

Terug naar boven



Links



Yn omkriten