Arum Friesland

Keatsskoalle yn Arum

WOENSDAG 3 FEBRUARI 2010

Willem Westra set as earste keatsferiening fan Nederlân in eigen keatsskoalle op. De keatsferiening fan Arum wol der troch bettere trainingen foar soargje dat syn talinten de wei nei de top fine. Om't der yn Arum sels net genôch talinten binne om it programma op te setten, wurde ek keatsers út de omlizzende doarpen frege mei te dwaan.

Mei it opsetten fan de skoalle is Arum neffens de KNKB in foarbyld foar oare keatsferienings yn Fryslân.

Arum makket by de skoalle gebrûk fan twa ferneamde keatsers út eigen doarp, Johan Okkinga en Tunno Schurer. Sy moatte de bern helpe en begeliede.

Bron: Omrop Fryslân

5622 keer bekeken | 0 reacties | Reageren?
 

Reageer ook

Naam *
E-mail
Reactie *
 
Code *
Vul bovenstaande code in om het bericht toe te voegen.
 

Terug naar boven



Links



Yn omkriten