MAANDAG 12 JANUARI 2015
De repetysjes foar it nije stik binne yn folle gong. It stik hjit "Lamelos" en spylet him ôf yn in psychiatryske ynstelling. Der bart fan alles en elke "gek" hat syn gebrek (en talinten). De rezjy fan dizze komeedzje is yn hannen fan Tjerk Kooistra. De útfierings fan Lamelos sille plakfine op 6, 7, 13 en 14 maart 2015 op de fertroude boppeseal. De foarferkeap fan kaarten sille wy dit jier yn in oar jaske stekke. Mei de lêste útfieringen binne hast alle bestellingen fia de mail gongen en binne der mar in pear minsken by de foarferkeap yn it kafé west. Wy hawwe as bestjoer dan ek beslúten de foarferkeap yn it kafé ôf te skaffen. It bestellen fia de mail/webside sil fjirder útbreide wurde EN der bliuwt foar elts dy't gjin internet/mail hat de mooglikheid om tillefoanysk kaarten fêst te lizzen. Fjierdere ynformaasje hoe as wat folget op dizze webside en sille wy de leden yn jannewaris persoanlik taljochtsje as wy oan de doar komme. Bestjoer Frysk Selskip Arum
klik fia dizze link in oantal repetysjefoto's. It is in gekkehûs!