WOENSDAG 28 JANUARI 2015
It útbaggerjen fan de feart tusken Arum en Boalsert, de saneamde Wytmarsumerfeart, is woansdei begûn. Dizze feart fan Boalsert nei Arum is in belangrike farrûte foar de rekreaasjefeart. Wettersporters kinne fia dizze farwei fan Boalsert nei Harns en Frjentsjer farre. De wurksumheden wurde troch de provinsje dien út it Fryske Marreprojekt wei. It baggerjen wurdt mei in masine út 1904 dien. De gemeente soarget dat it 80 kilometer lange trajekt útbaggere wurdt en draacht de skjinne feart dan oer oan de provinsje. (bron Omrop Fryslan)