DONDERDAG 12 FEBRUARI 2015
Ien fan de âldste diken fan Fryslân, de Schuttedyk by Arum, is de ôfrûne twa wiken opknapt. Stikken fan it talúd wienen yn de rin fan de jierren hielendal fuortslein. Op dy stikken is nije klaai brocht en in stevige wâlbeskoeiing oanlein. De dyk is net mear yn gebrûk as wetterkearing mar wurket wol as beskoeiing foar boatsjeferkear en as toeristyske attraksje. De Schuttedyk makket nammentlik diel út fan de ieuwenâlde Penjumer 'Gouden Halsbân', in dikestelsel dat it doarp beskerme tsjin it wetter fan de Marne. Sjoch hjir (bron Omrop Fryslân)