DINSDAG 19 APRIL 2016
Op snein 24 april komt Tryater yn Pier’s Stee te Kimswert. It famke en de twiveler (oarspronklik Two for the Seesaw) is in Broadwayklassiker dy’t yn 1962 ferfilme waard mei Robert Mitchum en Shirley MacLain. Joop van den Endeproducties makke it stik yn 1971 mei Jeroen Krabbé en Willeke Alberti. Haadpersoan is in man dy’t brutsen hat mei syn leafde. Hy beslút nei de stêd te gean om ôfstân te nimmen fan syn thússitewaasje. Dêr moetet hy in famke dat, krekt as hy, op ‘e nij foarm jaan wol oan har libben. Se fiele har sterk ta mekoar oanlutsen. Is harren leafde in middel om de iensumheid te ferdriuwen of is it echt?
bewurking en regy: Tatiana Pratley, spul Lourens van den Akker en Ali Zijlstra, foarmjouwing: Janne Sterke, muzyk: Laurens van der Meulen. 15.30 oere yn MFC Piers Stee
kaarten www.Tryater.nl of Klaske Faber tel. 0517- 641297
entree € 14,00 65 + en freonen € 12,50 CJP/CKV € 10,00