VRIJDAG 21 OKTOBER 2016
Op 4 novimber 2016 om 20.00 oere yn Piers' Stee yn Kimswert: De wierheid fan Wylgeragea, fan Tryater
Yn in labyrint fan wierheid en geroften. De wierheid fan Wylgeragea, in nije tekst fan toanielskriuwer Kees Roorda (Ljouwert, 1967) spilet yn in plattelânsmienskip earne yn ús lân.
Yn in lyts doarpke is alles goed. De minsken witte wat se oan mekoar ha. Famyljes kenne mekoar al generaasjes lang. Dat jout rêst en fertrouwen. Hjir stappe de minsken op bêd sûnder de doar op slot te draaien. Oant in skaad oer de lytse mienskip falt. Der wurdt ynbrutsen. En dan binne de rapen gear. Unheil folget. Geroften wurde fertinkingen en fertinkingen wurde beskuldigingen. Oant de dieder fûn wurdt, sil it nea wer wurde sa’t it wie.
In groep minsken, in mienskip, kin samar in eigen wrâld kreëarje: De mieningen fan de yndividuën yn dy mienskip foarmje meimekoar in eigen sosjale kontekst. Los fan wierheid, fuortkommen út oanstriid ta selsbehâld. Wa hat gelyk…? En wêr kin soks ta liede?
Tekst: Kees Roorda. Oersetting: Romke Toering. Regy: Jos van Kan. Akteurs: Lourens van den Akker, Aly Bruinsma, Eva Meijering, Lysbeth Welling en Joop Wittermans
Entree: €15,00, Freonen: €13,50, CJP/CKV € 11,-
Kaarten: www.Tryater.nl of Klaske Faber tel. 0517- 641297