MAANDAG 16 JANUARI 2017
Selden sil it op it klupkampioenskip fan it Dambûn Frysk Spul sa spannend west ha as ôfrûne sneon yn Easterein. De fjouwer ploegen yn e kampioensklasse wiene folslein oaninoar weage. Ek al einige net ien wedstriid yn in lykspul, de oerwinnings wiene allegearre mar in knikker op e kant, mei hyltyd útslaggen fan 5-3, of sels 4,5-3,5. Likegoed wie de einstân wol wer likernôch neffens de ferwachting, want Hartwert (Mei Arumer Tjerk Wijbenga yn har achttal) besette it earste plak en waard dêrmei klupkampioen. Sjoch ek: Frysk Damjen