DINSDAG 4 APRIL 2017
By de Griene Dyk yn Arum is it ôfrûne wykein in grutte partij asbest fûn. It asbest wie yn blauwe plestikpûden stoppe en njonken de dyk dumpt. De gemeente sil it asbest no opromje. Neffens de plysje giet it om asbestplaten dy't brutsen binne. Dat kin gefaarlik wêze. De plysje wol graach witte fan wa't it asbest is en freget tsjûgen om har te melden. (bron: Omrop Fryslan)