VRIJDAG 21 APRIL 2017
De film oer Burdaard hat tongersdeitejûn op it filmfestival Doarpskrêft de sjuerypriis wûn. De publykspriis gie nei in film oer Arum. De film is makke troch kommunikaasjestudinten fan de NHL yn Ljouwert. Sa'n 150 learlingen fan dy oplieding filmen dizze wike yn 25 Fryske doarpen om de krêft fan sa'n plak yn byld te bringen.
Alle ferhalen foarmje mei elkoar in portret fan it doarpslibben yn Fryslân. De studinten filmen ûnder oare ek yn Aldeboarn, Bontebok, Molkwar, Wommels en Jistrum. De films wurde oanbean oan it Fries Film Archief. Se binne fan freed ôf te sjen op YouTube. (bron Omrop Fryslan)