VRIJDAG 3 NOVEMBER 2017
Basisskoalle de Oanrin wie mei fjouwer partoer poerbêst fersjintwurdige op it Skoalsealkeatskampioenskip dat yn’e hjerstfakânsje hâlden waard yn’e sportal yn Makkum.
It partoer fan Jasper Hijlkema –Roy de Vries en it partoer fan Niek Bijma-Rimmer Dijkstra lieten moai en sportyf keatsen sjen. Yn’e twadde omloop wie de tsjinstân spitichgenôch krekt efkes te grut.
Jan-Friso Anema, Jurre Bosch en Sander Kuipers ferlearen dan wol de earste omloop, mar hja waarden winners fan’e ferliezersronde.
De famkes setten pas middeis útein. Inez Bosch en Maud v/d Veen brochten de ballen moai yn en dan binne je by it sealkeatsen al in hiel ein hinne.
Dat blykte wol, want ja mochten troch nei de finale. Dat redden hja krekt net op, mar hja gongen dochs mei in moaie twadde priis werom nei Arum.
foar mear foto's sjoch de Facebook pagina k.v. Willem Westra: klik hjir