ZATERDAG 24 AUGUSTUS 2019
Femke Brouwer op it Frysk Kampioenskip Fierljeppen
Femke Brouwer hat mei dyn oan it Frysk Kampioenskip Fierljeppen opp 10 en 11 augustus yn Winsum.
Nei it stopjen mei turnen wie Femke Brouwer op syk nei in leuke sport. De keuze is fallen op it fierljeppen!
In jier lyn is se begûn, tegearre mei har broer Gerben yn Winsum. Der wurdt twa kear yn’e wike traind en dêrby is der yn’e simmermoannen twa kear yn’e wike in wedstriid.
Fierljeppen is kracht, technyk en linichheid en dat makket it hiel leuk. Ek fine Gerben en Femke de club yn Winsum hiel gesellich.
It is in útdaging om je eigen pr te ferbetterjen en de sfeer is altiid sportyf en gezellich. Hielendal meidwaan mei de echte toppers slagget Femke noch net, dêrfoar mist se de jierrenlange erfaring dy't dy froulju ha. Wol kin se yn de 2e klas leuk meidwaan. Femke har persoanlik rekord stiet op 13.27 meter.
Foarige wike krige Femke te hearren dat se meidwaan mocht mei de beste acht yn de topklasse op it Frysk Kampioenskip omdat der ien bleasseard rekke wie. Femke stie op it njoggende plak. Femke eindige as sânde, se hâlde it droeg, in protte ljeppers hellen in nat pak, mar Femke wist alle sprongen de oare kant te heljen.
Al dy toppers ljeppen te sjen stimulearret har om kommende winter hurd te trainen.
Klik hier voor foto's
Bron: Facebook Arum