VRIJDAG 8 MEI 2020
Boekje 'Om nea te ferjitten' nu gratis verkrijgbaar bij Spar Tolsma. Het boekje bevat verhalen over Arumers in de Tweede Wereldoorlog en de Indiëtijd.
Voor Arumers ‘om útens’ die dit boekje toegestuurd willen krijgen, zijn er € 4,- verzendkosten aan verbonden. Vermeld bij een storting van het bedrag dat U graag een boekje oorlogsverhalen wilt ontvangen, dan sturen wij als redactie van de Skille het z.s.m. op. IBAN banknr.: NL 27 RABO 0371 5581 66 t.n.v. De Skille.
Graag naam, adres, postcode en woonplaats vermelden.
Hier een citaat:
,,Snein, de 15e is kâld en bewolkt, geroften sizze dat de Canadezen yn Frentsjer wêze soene. Moandei, de 16e begjint ek kâld en bewolkt. Yn’e iere moarn wurdt dudlik dat de oarloch ek hjir net sûnder skrammen eindigje sil. In great Dútske ferkenningspatoelje, swier bewapene, komt fan de Achlumer kant, in N.B.S.-er meifierend, dy’t se gefangen nommen hawwe. Se easkje op in pleats molke en iten. Dan gean se fierder nei Pingjum wer’t se stân hâlde sille. Dan litte se de brêgen yn Kimsert, op Kimserter tille en de greate brêge yn de Harnserdyk springe.
It rint nei kofjetiid, de sinne is trochbrutsen, it wurdt mylder en dan is der ynienen fan Wytmarsumer kant in Canadeeske “bren carrier” (zie foto) yn’e bourren, ek in ferkenning.
It jûchhei fan de Arumers is kilometers fier te hearren. Der is in ein kommen oan de nacht fan de oarloch, dy’t foaral it lêste jier begoun te knipen. Mar de brencarrier giet fierder rjochting Kimsert, rint dêr fêst foar de kapotte brêge, komt letter werom mei in ferwoune Dútske soldaat derop. Arum leit wer tusken de linies want de Dútsers binne fan doel Harns en Penjum te ferdigenjen.
De Canadezen fiere no harren tanks en kanonnen oan. Harns wurdt fanút Frjentsjer besketten, Penjum fanút Wytmarsum. De Harnsers sitte as ratten yn de fâlle, mar de Penjumers kinnen troch de linie’s en it fjild ynflechtsje rjochting Arum. Pengjum wurdt swier teistere, der falle wounen en deaden. Pengjum is in dei letter op 17 april befrijd.''