VRIJDAG 25 JANUARI 2013
We ha oankundige dat de Krite it stik ‘ARUM YN, ARUM UT’ spylje soe. Mar troch ferskate omstannichheden koe dit spitich genôch net trochgean. Mar ja hielendal neat dwaan kin fansels ek net. Dus mar gau op syk nei wat oars. Gelokkich binne der dan ek altyd wer minsken dy’t yn in koarte tiid wer wat yn inoar breidzje wolle. En dat is wurden de Liuwe Kening. (Lion King)
Tjerk Kooistra hat de rezjy yn hannen.
Sa as jimme wol begripe kinne binne de útfieringen in bytsje letter as oars:
Útfierdata:
Tongersdei 28 feb: Generale foar de jongerein.
Freed 1 maert: Útfiering
Sneon 2 maert: Útfiering
Foarferkeap: sneon 23 feb fan 10.00 – 11.00 oere foar leden
11.00 – 11.30 oere foar net leden.