Arum Friesland

Foarferkeap Krite: Sneon 4 febrewaris

DINSDAG 31 JANUARI 2012

Utfierings fan Hotel de Botel fan de Fryske Krite Arum sil wêze op 10, 11, 17 en 18 febrewaris 2012. Oanfang 8 oere jûns. De foarferkeap is sneon 4 febrewaris: 10:00 – 11:30 foar leden (€ 8,) en fan 11:30 – 12:00 foar net-leden (€ 11,-) Lokaasje: “Herberg de Gekroonde Leeuw”
Hâld der rekken mei dat it – seker de earste jûnen – gau fol sit. Wol jo wis wêze kom op `e tiid nei de foarferkeap. Lid wurde kin der ek en kostet jierliks €6,-. (Max 2 kaarten per lid foar ledepriis)
As der nei de foarferkeap noch kaarten beskikber binne kin dizze ek bestelt wurde fia mail.
Dit kin op fryskselskiparum@hotmail.com (u.f.f.: namme / adres / tillefoannûmer / datum (+alternatyf)/ oantal kaarten)
De generale repetysje foar bêrn fanôf groep 6 en skoaljeugd oant `e mei 15 jier is tongerdeitejûn 9 febrewaris om 19:00 oere. De tagong is € 1,- (ynkl. drinken) Snein 19 febrewaris is der middeis om 15:00 oere noch in ekstra útfiering wer’t freonen en famylje fan é spilers yn it earste plak wolkom binne.
P.S.: “Herberg de Gekroonde Leeuw” hat in speciaal teatermenu foar de foarstellings. Klik hjir foar mear ynformaasje.

5566 keer bekeken | 0 reacties | Reageren?
 

Reageer ook

Naam *
E-mail
Reactie *
 
Code *
Vul bovenstaande code in om het bericht toe te voegen.
 

Terug naar boven



Links



Yn omkriten