Arum Friesland

Teatergroep MeM komt nei Arum

DONDERDAG 8 DECEMBER 2005

Snein 18 desimber komt Teatergroep MeM nei de Gekroonde Leeuw. Op de boppeseal sil om 16.00 oere de foarstelling "Wekker Wurde" opfierd wurde. Kaarten binne te bestellen by de Herberg, tillefoan 0517-641223.

Teatergroep Mem is oprjochte in 2000. Men is no dwaande mei harren twadde produksje.

Yn de foarstelling "Werke wurde" spilet it ferhaal fan dyn jeugdleafde (dyn earste leafde ferjist nea.) Sjoerd bliuwt altyd op de eftergrûn by alles wast ek dochst. Do bist 44, aardig gesin, troud mei Jelle, twa bern. In gewoan gesin. Hùsfrou yn tsjinst fan har man en bern. Jelle ropt hieltyd mar dat hy sa lokkich is mei dy, mar hoe fertelst him dast it moai fine soest as hy him sa no en dan ek ris ûngelokkich fielde, want do bist net lokkich mei him, mar ek net sûnder him.

5657 keer bekeken | 0 reacties | Reageren?
 

Reageer ook

Naam *
E-mail
Reactie *
 
Code *
Vul bovenstaande code in om het bericht toe te voegen.
 

Terug naar boven



Links



Yn omkriten