Arum Friesland

Krite drok dwaande!

DINSDAG 11 JANUARI 2011

Wat is it tiisdei en freedte jûns drok yn de boppeseal fan Herberg de Gekroonde Leeuw. Der wurd omraak oefene foar it stik Paddy’s Lot, ûnder lieding fan de tige kreatyfe regisseur Tjerk Kooistra. 
It dekor is klear. Allegearre hûzen, in tsjerke en in húske bin der makke. Hiel wat oars as oare jierren. Mar it sjocht der prachtich út. Jimme kinne wol neigean as der sa’n grut dekor makke wurd, dat we dan meardere jûnen in opfiering ha moatte, oars kinne we de minsken net op de boppeseal hâlde.

Foar in fotoreportaazje: Sjoch hjir

It Ferhaal
De bewenners fan it earme Ierske doarpke Tullymore reitsje yn top en takel as hja yn de krante lêze dat ien fan de 52 bewenners de haadpriis fan de lotto wûn hat. Krekt as alle oaren wolle ek de freonen Jackie en Michael der efterkomme wa’t de winner is, sadat se miskien ek meiprofitearje kinne fan it fortún.
As hja alle spilers fan de Lotto útnoegje foar in itentsje en Paddy bliuwt wei, witte de hearen it seker: Paddy is de winner. Yn sân hasten sette se ôf op ´e sneup nei Paddy.

Jild
Paddy´s lot spilet him ôf yn it Ierlân fan foar de ekonomyske bloei. De minsken binne earm en deun en alle dûbeltsjes moatte omdraaid wurde, al soe it inkeld wêze om sa no en dan wol in pint achteroer slaan te kinnen yn de Pub fan Denise.

Data foar op it plakboerd:
22 jannewaris 2011: foarferkeap yn Herberg de Gekroonde Leeuw
22 jannewaris 2011: útfiering yn Herberg de Gekroonde Leeuw
28 jannewaris 2011: útfiering yn Herberg de Gekroonde Leeuw
29 jannewaris 2011: útfiering yn Herberg de Gekroonde Leeuw
De nije kalinder der mar efkes by sykje.
Sa as jimme lêze kinne stjit der net in datum foar de generale by. Dit witte we noch net krekt.
Hâld de útnoegings en oanplakbiljetten yn de gaten.
 

5899 keer bekeken | 0 reacties | Reageren?
 

Reageer ook

Naam *
E-mail
Reactie *
 
Code *
Vul bovenstaande code in om het bericht toe te voegen.
 

Terug naar boven



Links



Yn omkriten