Arum Friesland

Ledegearkomste Frysk Selskip Arum

DONDERDAG 14 OKTOBER 2004

Ofrūne tiisdei hat it Frysk Selkip har ledegearkomste hālden. In pear dingen śt 'e gearkomste:
It stik wat spile wurde sil hjit: "Swalker śt New York". It hat in soad wurk west in regisseur te finen, śteinlik is Wouter Jans ree fūn dit te dwaan. Wouter studearret oan de Noordelijke Hogeschool yn Ljouwert en dit regissearjen yn Arum is foar him in stage. Ut en troch sil der ek in dosint komme om syn foarderingen te besjen.
Libbe Greydanus en Doekle Abma binne wer op 'e nij ynhierd as bestjoerslid. Nije spilers binne Jetty Zijlstra, Wiesje Akkkerman, Hessel Hylkema en Klaas Tolsma. Klaas is "eigen kweek" śt it jongereintoaniel.
Der is noch stil stien by it fersterren fan leden. Fierders is der in legaat kommen fan de famylje Hiemstra śt Wytmarsum. Ald Arumer Ulbe Hiemstra hat jierren foarsitter fan it Selskip west, by it ferlitten fan Arum en it Selskip is hy ta earelid beneamd. Yn harren tistamint hawwe Hiemstra en de frou it "Frysk Selkip" betocht.

13508 keer bekeken | 0 reacties | Reageren?
 

Reageer ook

Naam *
E-mail
Reactie *
 
Code *
Vul bovenstaande code in om het bericht toe te voegen.
 

Terug naar boven



Links



Yn omkriten