Arum Friesland

Wer in Tolsma yn Jorwert!

DONDERDAG 8 MAART 2012

It Iepenloftspul fan Jorwert bringt dit jier in ferhaal oer cowboys, ûnder de namme De Goede, de Minne, de Mâle (en it Múske).  ûnder de acteurs dit jier Arumer Lieuwe Tolsma, die lêsten noch skittere yn Hotel de Botel fan de Fryske Krite Arum. 
It Iepenloftspul fan Jorwert bringt dit jier in ferhaal oer cowboys, ûnder de namme De Goede, de Minne, de Mâle (en it Múske). De Goede, de Minne, de Mâle (en it Múske) is in komyske western oer de leafde, ferjilding, ear en habsucht. As trije cowboys op yngenieuze wize in bank oerfalle wolle, blike der ynienen mear apen en bearen op de dyk as tocht. In mysterieus frommes en in op in ferjilding beluste fijan bemoeilikje de rôf.
Lykwols docht al gau bliken dat de rollen foar de skermen wol hiel ticht by de akteurs komme dy't it spylje. Mear witte..........? De kaartferkeap foar De Goede, de Minne, de Mâle (en it Múske) set 1 juny útein. De foarstellings rinne fan 31 augustus o/m sneon 22 septimber.
Nei de djipte fan it Feest yn 2010, de muzyk yn 2011 mei Bohemia, is it no de beurt oan de humor yn de tún. Under oaren Rienk Nicolai, Lieuwe Tolsma en Wim van der Laan as cowboys, Doete Stenekes en Adriana von Banniseth, Douwe de Bildt en Wybe Koldyk nimme de besikers mei yn de wylde wrâld fan ferjilding en grutskens......
(bron: Iepenloftspul Jorwert side)

 

 

5353 keer bekeken | 0 reacties | Reageren?
 

Reageer ook

Naam *
E-mail
Reactie *
 
Code *
Vul bovenstaande code in om het bericht toe te voegen.
 

Terug naar boven



Links



Yn omkriten