Arum Friesland

John en Klaas yn Sinteklazemearke

VRIJDAG 15 NOVEMBER 2013

Foar de sechsde kear op rige sil yn Winsum in Sinteklazemearke op de planken brocht wurde yn ‘De Helling’ te Winsum. Op inisjatyf fan toanielferiening Advendo Winsum is dizze âlde tradysje yn 2008 wer yn it libben roppen yn de gemeente littenseradiel. Yn koarte tiid is der in nije tradysje foarmjûn mei âlde mearkes, dy’t bewurke binne ta in alhiel op himsels steand nagelnij ferhaal yn in hjoeddeiske foarm. Moderne technyk, musyk en humor spylje dêrby in grutte rol. Tjerk Kooistra stiet noed foar de bewurking en de rezjy. Spilers komme út Littenseradiel of omjouwende gemeenten. (u.o. dus KlaasTolsma en John Boonstra ut Arum) Dit jier giet it ferhaal oer houtsnijer Stilletto en syn houtene poppe Pinokse. Frij basearre op Pinokkio, de animaasjefilm fan Walt Disney.It ferhaal fan Kooistra is in absurd mearke oer in houten ko dy’t  tegearre mei syn freondintsje aventoeren belibbet en sadwaande per ûngelok yn de hannen belânnet fan in steltsje boeven. Pinokses heit giet op syk, mar moat dêrom wol in reis meitsje dy’t him hielendal lâns de planeet Mars fiert. Pinokse is in musikal, mar ek in komeedzje foar jong en âld.

 

Skoalfoarstellings binne der op 26 en 28 novimber. Frij tagonklike foarstellings binne:

Freed 29 novimber: jûns 20.00 oere.

Sneon 30 novimber: middeis 14.00 oere en jûns 20.00 oere.

Snein 1 desimber: middeis 14.00 oere.

De kaarten kostje 9 euro. Foar bern oant en mei 12 jier is de tagong 5 euro.

Foar mear ynfoarmaasje en kaartferkeap kin sjoen wurde op www.mearke.nl
 

5663 keer bekeken | 10 reacties | Reageren?
 

Reacties

Toby

zaterdag 16 november 2013 om 16:27 uur

Duur hoor negen euro entree!

Eelco

zaterdag 16 november 2013 om 17:18 uur

Gemiddeld ligt de entree van een avondje theater boven de 10 euro. Dus het valt erg mee.

Toby

zaterdag 16 november 2013 om 21:21 uur

Reken het maar eens om naar de gulden.
Als je met twee bent betaal je bijna
50gulden!!!!!!

antitoby

woensdag 4 december 2013 om 12:18 uur

wat een vrselijk verachtelijk mens die Toby... Ga terugrekenen naar de goudstukken man... dan kun je met heel Arum op één goudstuk. Wij hebben geen guldens meer, gek! Dan moet je daar ook niet meer mee rekenen...

antitoby

woensdag 4 december 2013 om 12:20 uur

oh en ja 18 euro zou 40 gulden betekenen minus de inflatie sinds 2001 en je houdt nog geen 25 gulden over voor twee kaartjes toneel... Nu jij...

Toby

vrijdag 6 december 2013 om 08:39 uur

Ik ben geen man!!!!
Trap er maar in,door de euro is alles veel duurder geworden.
Als je de inflatie er bij haalt kun je
alles wel goed praten.
Als je blijft omrekenen kom er wel achter.

Toby

vrijdag 6 december 2013 om 09:17 uur

O,ja als jij het met woorden moet doen als vreselijk verachtelijk wat je ook nog
niet eens foutloos kunt schrijven zegt
dat al genoeg.
Nu Jij weer..

Pro

vrijdag 6 december 2013 om 16:45 uur

Waarom iemand gek noemen vanwege zijn
of haar mening.
Nee schelden is hier niet op z,n plaats.
Ben het met Toby eens...................

Payosmesy

zondag 11 september 2022 om 06:38 uur

A PCOS hormone balancing plan may need to be adjusted as a woman approaches the time in her life where she wants to start a family. <a href=http://clomida.com/>generic over the counter clomid at walmart</a> You will still have an LH surge, but it comes from your own body, rather than externally, like in the case of the hCG shot.

Noor

maandag 20 november 2023 om 13:51 uur

Grappig dat iemand 9 euro veel vindt voor een avond theater. Komt niet zo ver van huis zeker...

Reageer ook

Naam *
E-mail
Reactie *
 
Code *
Vul bovenstaande code in om het bericht toe te voegen.
 

Terug naar boven



Links



Yn omkriten