Arum Friesland

Iepenloftspul Arum spilet Langst!

WOENSDAG 5 FEBRUARI 2014

Yn septimber 2014 fiert ‘Stichting Teater Selskip Arum’ har 25 jier bestean! Dit wurt op in hiel bysûndere manier fiert en wol mei it earste  Arumer iepenloftspul! It bûtenspektakel sil plak fyne yn it Baarderbuorrenbosk. Dizze moaie en spesjale lokaasje freget behoorlik wat tarieding., omdat se it werklik fanof de grûn ôf opbouwe moatte. Der is gjin elektrisiteit, wetter, niks. In geweldige ûtdaging om dat plak in moaie produksje del te setten. It stik sil yn syn earste opset Langst! Hjitte. Hjirby yn it koart de beskriuwing fan it stik.
Langst of langtsme is it fryske wurd foar ferlangen en it is de titel fan it earste Iepenloftspul Arum. Langst! Giet oer in folk dat ôfsûndere fan de wrald yn in sletten mienskip yn in bosk wennet.  De minsken dy’t der wenje binne behoarlik konservatyf. Alles feroaret as de allinnesteande Susanne mei har dochter har oanslút by de groep boskbewenners. Sy bringt de minsken yn kontakt letterlik mei nije gerjochten, nije fruchten en leart de mienskip nije tinkwizen.
De boargemaster – it toppunt fan konservatisme –fynt it fansels neat en giet de striid oan mei deprogressive Susanne. It wurdt in gefjocht tusken ferline en ferlet, tradysje en ambysje, tusken angst en langst.
Langst! Spilet him ôf yn it prachtige dekôr fan it Baarderbuorrenbosk. It giet oer gewoane minsken  dy’t ek by jo yn it doarp of stêd wenje kinnen hie.  
Langst! Is in Romantysje komeedzje, mei in dramatyske ûndertoan, ynspirearre op de film Chocolat.                      Omdat in Iepenloftspul delsette net neat is, wurde der inkelde misnken iensetten dy’t rûnom wend binne sokke produksjes te meitsjen. Sa sil it technysk plaatsje en produksje by Bart Schurer lizze en sil Tjerk Kooistra him dwaande hâlde mei it artistike diel en hjir en dêr adfisearje op organisatoarysk en produksjoniel nivo. Ek de muzyk sil professioneel oanpakt wurde.

 

6161 keer bekeken | 3 reacties | Reageren?
 

Reacties

Inekal@chello.nl

vrijdag 4 juli 2014 om 15:23 uur

Wannear spylje jimme dit stik? En hoe kin ik kaarten keapje?
Ineke Kalteren

Franci Heeger

donderdag 11 september 2014 om 09:31 uur

Arum douze points! Wat in hearlike jun

Tineke Greidanus-Bruinsma

donderdag 11 september 2014 om 17:57 uur

It wie geweldig! justerjûn. pracht lokaasje en moai spyle.

Reageer ook

Naam *
E-mail
Reactie *
 
Code *
Vul bovenstaande code in om het bericht toe te voegen.
 

Terug naar boven



Links



Yn omkriten