Arum Friesland

It paad werom- Omrop Fryslan TV

VRIJDAG 9 APRIL 2010

It paad werom: Linthorst Homan, fleurich en handich. Yn dit nije skiednisprogramma wurde opmerklike saken út it ferline ferteld troch minsken dy't it meimakke hawwe.
Dizze ôflevering giet oer meester Linthorst Homan, en is opnaam yn de Herberch De Gekroonde Leeuw te Arum. En wurd útstjoert op tiisdei 13 april, jûns om 18.30 oere. 

Linthorst Homan, fleurich en handich, 13 april 2010 (bron Omrop Fryslan)
Mr. Henri Peter Linthorst Homan wie de earste nei-oarlochske Kommissaris fan’e Keniginne (1945-1970) yn Fryslân. It wie in Drints liberaal, mar hy fielde him thús yn Fryslân. En hy koe fansels net stikken, want hy wie 46ste wurden yn'e Alvestêdetocht fan 1933. Mar de Friezen hâlden ek fan him. Ja, hy wie wat oan de breedsprakige kant, mar hy wie ek “ús kommissaris” , in man fan it folk. Hy wie reedrider, hy sylde, hy gie nei it fuotbaljen. Tagelyk wie hy in krekt bestjoerder, dy't op tiid wer ôfstân nimme koe. Hy makke in amt, moast dat wer fan de grûn ôf opbouwe, want gjinien leauwde ommers mear yn dat foaroarlochske adelike gedoch.Yn It paad werom prate we mei minsken dy't Linthorst Homan noch kend hawwe. Sjoernalisten, syn sjauffeur, mar ek in boargemaster fan dy jierren. Mei âlde bylden mei û.o. optredens fan dizze markante persoan, makket it in lyts portretsje fan in wurdearre man..

Dizze útstjoering fan It paad werom is tiisdei 13 april te sjen bij Omrop Fryslân TV, om 18.30 oere en wurdt elk oere herhelle.
 

sjoch de trailer via: www.itpaadwerom.nl/pages/linthorst-homan.aspx
 

6748 keer bekeken | 0 reacties | Reageren?
 

Reageer ook

Naam *
E-mail
Reactie *
 
Code *
Vul bovenstaande code in om het bericht toe te voegen.
 

Terug naar boven



Links



Yn omkriten