Op snein 9 desimber 2007 jouwe de Kr. sjongferiening "Hallelujah" út Arum en de Kr. musykferiening "Wubbenus Jacobs" út Arum in krystkonsert yn de Grifformearde Tsjerke fan Arum.
It koar stiet ûnder lieding fan Gerrit de Vries út Seisbierrum en it korps wurdt dirigeard troch Sietske Fritsma út Tsjerkwert. Wietske Nieboer út Tsjerkwert sil inkele koarte "ballet-dûnsen" útfiere. In musikaal intermezzo sil fersoarge wurde troch Gerrit de Vries (oargel) en Baukje van Althuis (trompet). It konsert begjint om 16.00 oere en de tagong is fergees.