DONDERDAG 17 SEPTEMBER 2009
Op woansdei 21, tongersdei 22 en freed 23 oktober spilet Tryater yn Doarpshûs
De Singel yn Achlum: "Zelle" In foarstelling oer in aparte dûmny
Dûmny Zelle (1907-1983); in fanatyk sporter, in Spartaansk libjende man, dy’t him troch gjinien twinge liet, fiere famylje fan Mata Hari. As Zelle preke dan fieldest datst neat mear yn te bringen hiest. Hy preke oeral dêr’t er mar frege waard; soms wol fiif kear op in snein. Simmers yn ’e koarte broek op de fyts derhinne. Op de preekstoel groeide er út ta in tongerjende preker oer hel en ferdommenis.
tekst en spul Freark Smink – organist en komponist Hoite Pruiksma – regy Hans Man in ’t Veld
Tagong: € 15,--, Freonen € 13,50.
De foarstellings begjinne om 20.00 oere.
Kaarten:
Reservearje: Seksje Edukaasje Frjentsjerteradiel: tel. 0517-591381.
En foar de foarstelling oan de seal.